Epke Zonderland krijt in drokke moanne. Want ein maaie sil hy by de worldcup yn Moskou of in wike letter yn Barcelona foarmbehâld toane moatte, om syn ticket nei Peking definityf feilich te stellen. Epke hat bot lęst hân fan in skouderblessure, mar dat knapt aardich op. Op skoalle, de studie geneeskunde rint alles neffens skema. In dei ut it drokke libben fan turner Epke Zonderland.
Sportprogramma Boppeslach folget topturner Epke Zonderland fan De Lemmer op wei nei de Olympyske Spullen yn Sina. Epke hat troch in blessuere in lytse trainingsefterstân.
Pieter Leistra
In dizze Myn domyn in portret fan Pieter Leistra, in 27 jierrige húsman út Nes, Dongeradiel. Pieter is krekt heit wurden en hat neist de fersoarging fan de lytse poppe tiid foar in bysűndere hobby: bangerrace!! In foarm fan autosport dęr't alles by tastien is en slimme űngemakken mei plakfine. We folgje Pieter nei in race yn Ingelân.
Yn 'e wrâld fan 'e ymmitearders. Jan de Haan, Appie Scheer en Anne Rodenburg binne respektyflik dogge Paul de Leeuw, Frans Bauer en André Hazes nei op feesten foar doarpen en bedriuwen. Węrom dogge se dat?
Foar de Fryske dramasearje Bit is mear materiaal makke as op tv te sjen is.
Yn dit filmke giet Tjitse te riden mei Renske en makket Joop Prins him lilk op syn soan....
Wat bart der as Don Giovanni, de romrofte frouljussliner fan Mozart, yn in manljussliner feroare wurdt?
Dat is allegearre te sjen yn Donna Giovanna, de opera fan Corina van Eijk yn Spangea. Hoe aardich soks útpakke kin, kinne jo yn bygeande ympresje sjen.
Foar sa'n 14000 taskôgers wurke Gertjan Verbeek ôfrűne sneon de earste twa trainings ôf. Foar de âld-Hearrenfeantrain er in folslein nije űnderfining. Verbeek sil de kommende trije jier foldwaan moatte oan de hege ferwachtings fan it publyk, want foar minder as it kampioenskip dogge se it yn Rotterdam net.
Yn de Noard-Sweedske stęd Lulea waard ferline wykein foar de fiifde kear de ynternasjonale ferzje fan it minderheidstaalsjong festival Liet hâlden. De Fryske ynstjoering op dy edysje fan Liet Ynternasjonaal wie Jelte Posthumus en syn band Pilatus Pas. K-rűte docht ferslach fan it sjongfestival en sjocht werom op de prestaasje fan de Fryske dielnimmers.
Justerjűn joegen The Nits in űnferwachte konsert by de Turfdôbe fan Formearum foar spésjaal útnoege gasten. De omrop wie der by om opnamen te meitsjen.
Paezens-Moddergat makket him op foar de útfiering fan it rekwiem Oer de Seedyk. In soad bewenners binne belutsen by it muzikale iepenloftspul oer de betinking fan de ramp fan 125 jier ferlyn. Betinker Gerrit Breteler lit sjen wat er allegear noch barre moat by de lęste tariedings, want jűn is de earste foarstelling.